dinsdag 13 oktober 2009

Poepende koeien, fjoermasines?

"Wat kinne my dy poepende kij no skele?" frege Wout. "Ik wol nije wike op de sportdei drave! Ik moat in fjoermasine ha!" De lippe begûn him te triljen.
"Net poepende kij," sei Marlies. "Us kij poepe net. Se blaze ôf. Dan komt der fan achteren allegear poeplucht út. En soms hâldt ús heit in fjoeroanstekker achter in ko yn de poeplucht. Dan komt der allegear fjoer út syn kont."
"Ut jim heit syn kont?" frege Wout ferbaasd.
"Nee, sukkel! Ut dy kont fan dy ko fansels!" Se snoarke wer, omdat se Wout heel dom fûn.
"O. En fleant dy ko dan heel hurd foarút?" frege Wout. Marlies tocht efkes nei. As der fjoer út de kont fan in ko kaam, dan bleau dy ko gewoan stean. Dat wie nuver.

Ik vind wel eens wat op internet, dit is een stukje van Henk Wolf.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten